Mei skootmobyl om de Iselmar

02 jun 2010 - 07:50

Robert Lotman út Zaandijk is tiisdei begongen oan in bysûndere reis om de Iselmar hine. Lotman hat artrose en sit yn in skootmobyl. Hy docht dan ek hast trije wiken oer de reis. Hy wurdt begelaat troch in freon dy't meifytst. Underweis sil de fûgelspotter ek fûgels telle, de resultaten dêrfan wurde nei ôfrin fêstlein yn in boek oer de reis.

Kommend wykein sil Lotman yn Fryslân oankomme, se bliuwe dan in pear dagen op in camping.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)