Bytsje belangstelling wurkmerk
Der is net in protte belangstelling foar de wurkmerk yn Ljouwert. Tiisdeitejûn organisearre Werkplein Leeuwarden in merk foar minsken dy't in baan sykje yn de detailhannel, mar der kamen mar sa'n 100 minsken. Dat wylst der hast 200 minsken útnoege wiene.
It giet wer wat better mei de detailhannel yn Nederlân. Der wiene op de merk sa'n 100 fakatueres beskikber.