Fertochte Cambuurrellen frij
It iepenbier ministearje hat him dellein by de frijspraak fan in 28-jierrige Ljouwerter. De man waard derfan fertocht ien fan de organisatoaren te wêzen fan de rellen ferline jier nei ôfrin fan de wedstriid fan Cambuur tsjin Roda JC. It gerjochtshôf hie de man earder frijsprutsen.
Neffens syn advokaat wol de man no sjen of hy in skeafergoeding krije kin.