Skea troch minne betellers

It midden- en lytsbedriuw yn Fryslân hat elts jier sa'n 46 miljoen euro skea troch klanten dy't net of let betelje. Dat docht bliken út ûndersyk troch ABN AMRO. Lanlik sjoen giet it om in bedrach fan 1,1 miljard euro.
Sa'n 43 prosint fan de Fryske bedriuwen ferwachtet troch de ekonomyske krisis net dat de betellingsterminen ferbetterje sille. Neffens de bank kontrolearret mear as de helte fan de Fryske bedriuwen net oft in klant wol betelje kin.