Ferkearsfeiligens moat better

De ferkearsfeiligens by wyksoarchsintrum Swettehiem yn de Ljouwerter wyk Westeinde moat better. Dat seit de fraksje fan de ChristenUnie. De fraksje hat fragen steld oan it gemeentebestjoer.
Yn in brief seit de fraksje dat der mear rekken hâlden wurde moat mei de âldere bewenners. Dy fine it ferkear no faaks gefaarlik om't automobilisten te hurd ride en de auto heal op de stoepe parkeare.