Warskôging foar grutte regio

De Fryske Ried warskôget tsjin it gearfoegjen fan provinsjes en gemeenten yn Noard-Nederlân. Op 7 en 8 juny komt de Feriening fan Nederlânske Gemeenten (VNG) mei in earste plan om gemeenten op te heffen. Se soene dan opgean moatte yn in gruttere regio. Lanlik sjoen binne GrienLinks en D66 foar ien grut Noardlik lânsdiel.
De Fryske Ried is benijd hokker politike opdracht fertsjintwurdigers fan gemeenterieden meikrije en dat se beseffe wat op it spul stiet.