Begraffenis echtpear Pijlman

It echtpear Pijlman út Hurdegaryp dat op 12 maaie om it libben kaam by de fleantúchramp yn Tripoli wurdt tongersdei te hôf brocht yn Aldehaske. De identiteit fan it echtpear moast earst definityf fêststeld wurde.
Marten en Janneke Pijlman hiene in reis troch Súd-Afrika makke. Se wiene op 'e weromreis nei hûs ta doe't it fleantúch flak foar de lâning yn 'e Libyske haadstêd Tripoli crashte. It echtpear lit trije bern en in bernsbern nei.