Wetterskip natuerfreonliker

Wetterskip Fryslân hat in nije manier fan ûnderhâldswurk. Dêrby wurdt mear rekken hâlden mei de natuer. De ôfrûne tiid is nei in natuerfreonliker ûnderhâld fan wetterferbining socht. It wetterskip hat 5800 km oan wetters yn behear.
Ien fan 'e maatregels is dat no by it hekkeljen de wâlskanten net mear meinaam wurde. Troch it stean litten fan 'e begroeiïng hat de natuer minder skea. Boppedat is it better foar de kwaliteit fan it wetter.