Atsma lilk oer fuotbalrjochten

Harkemase Boys mooglik ek net mear op Omrop Fryslân Televyzje
Wedstriidbylden fan SC Hearrenfean moatte binnen 24 oeren te sjen wêze op Omrop Fryslân. Dat fynt CDA-Twadde-Keamerlid Joop Atsma. De fuotbalrjochten binne ferkocht oan 'e NOS. Regionale omroppen meie pas in pear dagen letter flitsen fan 'e eigen klups útstjoere.
Boppedat is de kâns grut dat Harkemase Boys, de nije amateurtopklasser, ek net mear by de Omrop te sjen is. Meikoarten wurdt in eksklusyf kontrakt tekene mei RTL. Atsma kin dêr net by.