Beamkap Lauwershage stillein

It terrein fan it eardere Muiden Chemie (foto: Omrop Fryslân)
It tariedende wurk foar de bou fan soarch- en rekreaasjepark Lauwershage yn it Lauwersmargebiet is stillein. It miljeuteam fan 'e Fryske plysje hat yngrypt doe't in stik bosk fan fjirtich jier âld kapt waard. Yn dat bosk briede lykwols fûgels dy't mei útstjerren bedrige wurde.
Ferantwurdlik foar de kap is eigner Phanos fan it terrein. De gemeente Kollumerlân hie in kapfergunning ôfjûn. Mar yn dit gefal hie de provinsje dat dwaan moatten.