Grousters brûke fuotbalgers

01 jun 2010 - 06:32

It gers fan it âlde fuotbalfjild yn Grou wurdt opnij brûkt. Net troch de yntusken ferhuze fuotbalferiening GAVC, mar troch de eigners fan de huzen dy't boud wurde by it âlde fjild. Dy hawwe wol ferlet fan in goede gersmatte.

Ynkoarten sil der nijbou komme op it âlde fuotbalfjild en dan wurdt alles omploege. Moandei hellen de takomstige bewenners fan de nijbou it âlde gers by it fjild wei, om it yn harren eigen tún te lizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)