Bysûndere bluskarre de Lemmer

Foto: Omrop Fryslân
Ynwenners fan de gemeente Lemsterlân dy't net te berikken binne foar de brânwacht, kinne tenei dochs holpen wurde. Dêrfoar is moandeitejûn in bysûndere bluskarre yn gebrûk nommen en fuortendaliks demonstrearre.
De karre is mar in heale meter breed en oardel meter lang en kin dêrom op mear plakken komme. De karre is it idee fan de brânwacht yn Lemsterlân sels. It giet om sa'n tachtich wenningen dêr't de brânwacht earder net komme koe.