Ekstra promoasje fan Fryslân

31 maaie 2010 - 19:00

Fryslân is mei in ekstra promoasjekampanje begûn om mear Nederlanners yn eigen lân fakânsje fiere te litten. Der lizze grutte kânsen yn Fryslân, no't in soad minsken yn ferbân mei de kredytkrisis net fier fuort wolle op fakânsje.

De spotsjes oer ús provinsje op de lanlike radio en tillevyzje hawwe yn de earste dagen fan de kampanje al twa kear safolle besikers nei de webside 'beleefFriesland.nl' lutsen as gewoanwei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)