Gjin seppelins boppe it Waad

31 maaie 2010 - 16:37

Der komme gjin seppelin-fluchten mear boppe de Waadsee. Dat hat de Stichting Friesland Zeppelin moandei bekend makke. Nei juridyske prosedueres soe ferline simmer de earste tocht oer it Waad makke wurde, mar troch finansjele problemen by it Switserske ferhierbedriuw fan seppelins gong dit net troch. Der stiene al hûnderten minsken op de wachtlist foar it fleanreiske. De Stichting fynt de ekonomykse situaasje te riskant om fierder te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)