See-earnen krije gjin jongen

31 maaie 2010 - 15:58

It spantsje see-earnen dat de lêste wiken besocht te brieden yn it Lauwersmargebiet hat gjin jongen krigen. Dat die bliken by in ynspeksje troch Sovon en Steatsboskbehear. Se fûnen trije aaien yn it nêst, twa wiene stikken, de oare wie kâld en dus net befruchte. Dat aai is meinaam foar ekstra ûndersyk.

In lytse twa moanne lyn makke Steatsboskbehear bekend dat der in spantsje siet yn it Lauwersmargebiet, mar it hat dus net laat ta jongen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)