Ule smyt Oerol-foarstelling om

31 maaie 2010 - 14:48

Troch in briedende hoarnûle op Skylge moat de Oerol-foarstelling MirrorMirror fan de Stalker Theatre Company oars opset wurde. Ferline wike waard de briedende ûle troch in toerist ûntdutsen. De toerist melde dit by Steatsboskbehear en Oerol.

Dy hawwe dêrom in nije yndieling makke fan de lokaasje sadat de ûle ek tidens Oerol rêstich trochbriede kin. De aggregaten en bekabeling binne op in oar plak delset. Oerol is fan 10 oant en mei 21 juny.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)