Ruten yn Ljouwert ynsmiten

31 maaie 2010 - 10:19

Yn de Woudstrjitte yn Ljouwert binne yn de nacht fan snein op moandei de ruten fan in wenning fernield. Tsjûgen melden dat ynsittenden fan in auto, mooglik in Volkswagen Golf, de ruten ynsmieten.

De bewenner fan it hûs wie op dat stuit net oanwêzich, mar is troch de buorlju op de hichte steld.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)