'Partijen ûndúdlik oer plysje'

De polityk moat mei konkrete plannen komme
Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert fynt dat de politike partijen fierstente min dúdlik meitsje wat sy mei de plysje wolle nei de ferkiezings.
Crone is ek korpsbehearder fan de plysje Fryslân en wol dat de partijen mei konkrete plannen komme. Politisy moatte ophâlde te roppen dat der mear blau op strjitte komme moat as se dat net wiermeitsje kinne. Crone sei dat moandeitemoarn op Radio 1.