Ljouwerter rydbewiis kwyt

31 maaie 2010 - 10:01

In 39-jierrige man út Ljouwert hat yn de nacht fan snein op moandei syn rydbewiis ynleverje moatten.

De plysje seach de man riden op de Bredyk yn Langwar, se namen him in blaastest ôf. Dêr die út bliken dat hy tefolle dronken hie. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke en syn rydbewiis is ynnaam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)