Koperdieven pakt yn Snits

Twa ynwenners fan Snits binne sneintejûn yn har wenplak oanhâlden foar stellerij. De twa waarden op de die betrape doe't se op it dak fan it âlde postkantoar oan de Westersingel sieten. Neffens tsjûgen knipten de fertochten koperen liedings los.
Doe't de plysje oankaam koene se ien fan beide mannen daliks oanhâlde. De oare waard letter ek fûn. Hy wurke net mei oan syn oanhâlding, mar joech belies doe't de plysjehûn ynset waard. It guod waard yn it gebou werom fûn.