Soad jild foar rolstuollen

31 maaie 2010 - 06:59

De '3 provinciënwandeltocht' hat 11.000 euro opbrocht foar it Foppe Fûns. De kuiertocht wie ôfrûne sneon yn de omkriten fan Bakkefean en gie troch Drinte, Grinslân en Fryslân. It ynskriuwjild fan fiif euro gie nei it 100 rolstuolleprojekt fan it Foppe Fûns.

Doel fan dat projekt is om 100 bern oan it sporten te krijen, dy't dêr in elektryske rolstoel foar nedich ha en dy sels net betelje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)