Oostergoplein wer iepen

31 maaie 2010 - 06:07

It ferkear kin sûnt moandeitemoarn seis oere wer oer it Oostergoplein yn Ljouwert ride. Der is it hiele wykein wurke oan it oanbringen fan damwanden foar in fytstunnel ûnder it plein. Ofrûne freed waard it plein foar in part ôfsletten.

Hoewol't der wol wat fertraging wie yn de oanlis fan de damwanden, is it Oostergoplein dochs op de ôfsprutsen tiid wer iepensteld. De tunnel wurdt oanlein omdat it hieltyd drokker wurdt op it Oostergoplein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)