Weening: 24e yn Giro d'Italia

30 maaie 2010 - 19:32

Hurdfytser Pieter Weening fan 'e Harkema is snein as 24e einige yn it algemien einklassemint fan de Ronde fan Italië. Yn totaal hie Weening in efterstân fan 1 oere 10 minuten en 55 sekonden op winner Ivan Basso.

Yn de lêste etappe einige Weening as 44e op 1 minút en 18 sekonden fan winner Gustav Larsson. De lêste etappe wie in tiidrit oer 15 kilometer yn Verona. Weening hie foarôf hope op in plak by de earste tweintich en op in etappewinst. Dat slagge net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)