Hijlkema keninginne yn Grou

30 maaie 2010 - 17:59

Afke Hijlkema út Nes waard snein keninginne op de frije formaasjepartij yn Grou. Mei Maaike Wind en Sjoukje Visser wie sy yn de finale mei 5-2 en 6-4 te sterk foar de formaasje fan Afke Kuipers, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra.

De tredde priis yn Grou wie foar it partij Maaike Joostema, Baukje Aalbers en Aukje van Kuiken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)