Sierd Steigenga wint Ronostrân

Hurdfytser Sierd Steigenga fan Eksmoarre hat snein yn Roden de Ronde fan it Ronostrân wûn. Steigenga wûn de sprint fan de kopgroep fan alve man.
Sipke Zijlstra fan Burgum waard twadde. Joris de Boer kaam as tredde oer de streek. It wie de fyfde wedstriid fan de klupkompetysje. De wedstriid gie oer 175 kilometer. De dielnimmers krigen yn it begjin fan de koers in soad reinwetter oer harren hinne.