Bouwmeester wint Regatta

30 maaie 2010 - 15:47

Hurdsylster Marit Bouwmeester (21) fan Warten hat snein yn Medemblik de Delta Lloyd Regatta yn de Laser Radial op har namme skreaun. Bouwmeester wûn ek de ôfslutende Medaljerace foar har Belgyske konkurrinte Evi van Acker.

Bouwmeester wûn mei-inoar fiif fan de alve races. Bouwmeester hat Olympyske ambysjes yn de Laser Radial-klasse. Se miste twa jier lyn de Olympyske Spelen yn Sina op in hier. Se wol no yn de Laser Radial-klasse nei de spelen fan Londen yn 2012.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)