Guod fytser Benjamin stellen

Benjamin hat sels noch gjin idee fan de stellerij...
Sneontenacht is yn it Drintse Súdlaren al it guod fan de Dokkumer rekôrfytser Benjamin de Bruijn (20) stellen. Benjamin de Bruin is dwaande om yn 26 dagen 8.000 kilometer te fytsen foar Spieren voor spieren. Dat komt del op 300 kilometer deis.
It haadkertier fan 'e famylje fan Benjamin de Bruijn sit yn in tinte yn Súdlaren. Ut dy tinte is sneontenacht in soad guod stellen. It giet om mjitapparatuer, laptops en kollektebussen mei 1500 euro.