Dútser mei stroomwapen oppakt

In Taser meinimme de kroech yn mei net
De plysje hat sneontenacht yn Snits in Dútser (25) út it plakje Heinnerf oanhâlden op fertinking fan ferbean wapenbesit. Meiwurkers fan in hoarekasaak yn de Kruzebroederstrjitte seagen dat de man mooglik in stroomstjitwapen by him wie.
De plysje waard warskôge. By it fûillearjen fan 'e man fûn de plysje in saneamde Taser, in yn Nederlân ferbean wapen. It wapen waard yn beslach nommen en de man oanhâlden. Tsjin him wurdt proses-ferbaal opmakke.