Strjitrôf yn Ljouwert

De plysje ûndersiket de berôving fan in Ljouwerter (28), sneontenacht yn de Bagijnesteech. De man soe moarns om fiif oere hinne oerfallen en slein wêze troch trije manlju. De oerfallers hawwe hjirby de beurs fan de man ôfpakt om oanslutend út te naaien.
It slachtoffer socht even letter op de Nijstêd help fan 'e plysje. Omdat de man ûnder it bloed siet is hy oerbrocht nei it MCL. De plysje is no op syk nei tsjûgen fan de oerfal yn 'e Bagijnesteech.