Kramer Drints kampioene 10 km

30 maaie 2010 - 12:51

Mariska Kramer fan Drachten wûn sneontejûn yn Klazienaveen it Drintsk kampioenskip hurdrinnen oer 10 km. Sy wûn de strjitrace yn 35 minuten en 54 tellen, in parkoersrekôr. De nûmer twa, Lindy Burgman, hie 1 minút en 20 tellen mear nedich.

Kramer naam al nei twa kilometer ôfstân fan Brugman en rûn sadwaande acht kilometer allinnich op kop. Benammen fanwege de hurde wyn foel dat net ta. Se is dan ek tige tefreden mei it parkoersrekôr.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)