Mear strânwachten foar Skylge

30 maaie 2010 - 11:17

Der binne folle mear minsken dy't fan 't simmer strânwacht wurde wolle op Skylge as yn oare jierren. De strânwachten binne dit jier troch de KNRM oernommen fan de gemeente Skylge. Ferline jier wiene der njoggen oanmeldings fan minsken dy't strânwacht wêze wolle. Dit jier binne der 90 oanmeldings.

Sneon wie yn Stiens in seleksjedei. De KNRM hat de seleksje en trening útbestege oan de rêdingsbrigade fan Stiens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)