Lieuwe Westra 6e yn tiidrit

Lieuwe Westra (argyffoto)
Lieuwe Westra is yn de fjirde etappe fan de Ronde fan België, in tiidrit oer 16,7 kilometer, sechsde wurden. De hurdfytser, dy't sûnt koart yn De Tynje wennet, moast fyftjin tellen tajaan op de Belgyske winner Dominique Cornu.
Westra hie noch wat hinder fan in falpartij in dei earder yn de lêste kilometers. "Der hie mear ynsitten, mar dan moat je 100 prosint wêze en dat wie ik hjoed net", sei Westra nei de rit tsjin de klok.