Bouwmeester bliuwt koprinner

29 maaie 2010 - 19:00

Marit Bouwmeester is sneon as koprinner de medaljerace fan de Delta Lloyd Regatta ynsyld. De sylster út Warten yn de Laser Radial hie it dreech mei de wyn dy't hieltyd mear belune. Se waard in kear sechsde en fiifde. De Belgise Evi van Acker wûn beide wedstriden en stiet no op fiif punten fan Bouwmeester.

Snein is de medaljerace tusken de bêste tsien en telle de punten dûbel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)