Triple A-apparteminten te keap

Sa komt it appartemintekompleks der út te sjen
Yn Ljouwert is begûn mei de ferkeap fan nije Triple A-apparteminten. Yn it projekt Nij Saailân komme ferdield oer trije gebouwen fjirtich wenten frij. Sneon wie der in ferkeapmanifestaasje yn it Frysk museum om foar de apparteminten yn kompleks Amalia eigners te finen.
Dêr kamen tusken de 80 en 100 belangstellenden op ôf. Oant 14 juny is it mooglik om op dizze apparteminten yn te skriuwen.