Hûdkankerdei lûkt 300 minsken

In smoardrokke dei sneon foar de dermatologen fan it Anthonius sikehûs yn Snits. Minsken koene dêr terjochte foar mear ynformaasje oer hûdkanker. Der kamen sa'n 300 minsken op de 'Bescherm je huid' dei ôf. Ferline jier wiene dat der sa'n fyftich.
Jierliks wurde der yn Nederlân mear as twa miljoen nije gefallen fan hûdkanker konstatearre. Nei alle gedachten krijt ien op de seis minsken hûdkanker. Dat is de lêste jierren tanaam.