Man jout plysje falske namme

29 maaie 2010 - 16:07

In 21-jierrige man fan Jobbegea is freedtejûn oanholden omdat hy in falske namme opjûn hie oan de plysje. De man hearde by in groep jongerein dy't foar oerlêst soarge yn de omjouwing fan de Jelle van Damwei yn Jobbegea.

De plysje hat de groep oanslutend oansprutsen en frege om fuort te gean. De fertochte, dy't behoarlik ûnder ynfloed wie, woe net meiwurkje en krige dêrop in bekeuring. Hjirby joech de man in falske namme op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)