Soad Fryske gemeenten feilich

29 maaie 2010 - 13:59

Yn Fryslân binne de measte feilige gemeenten. Dat docht bliken út de Misdaadmeter fan it Algemeen Dagblad. Dy krante sette de sifers fan alle plysjekorpsen op in ryçhje. Under de tsien feilichste gemeenten sitte sân gemeenten út Fryslân. Der binne mar fiif Fryske gemeenten dy't net yn de heechste feiligheidskategory falle.

Ljouwert is de ûnfeilichste gemeente neffens it AD. Dêrnei folgje Harns en Snits. Ek yn Smellingerlân en Hearrenfean kin it noch wol feiliger.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)