Kwaliteit Alvinus wer goed

RSG Magister Alvinus yn Snits
De VMBO-opliedings fan RSG Magister Alvinus yn Snits binne wer goed fan kwaliteit. Twa jier lyn krige dat VMBO-ûnderwiis noch it predikaat 'zeer zwak' fan de ûnderwiisynspeksje, mar fan dat stimpel is de skoalle no wer ôf.
Kontroleurs fan de ynspeksje hawwe fan 'e wike op besite west. De skoalle hat hurd wurke om de kwaliteit fan it ûnderwiis en it gedrach fan de learlingen te ferbetterjen.