EHBO-priis foar Alvestêdetocht

28 maaie 2010 - 22:08

De Keninklike Feriening De Friesche Elfsteden hat de gouden dr. C.B. Tilanus Jr. medalje 2010 krigen. It is de wichtichste ûnderskieding fan de Nederlânske EHBO-feriening. Foarsitter Wiebe Wieling krige it earemetaal út hannen fan Bart van Walderveen, lanlik foarsitter fan de EHBO.

Bestjoerslid en MCL sjirurch Jan Zijlstra krige ek in medalje foar syn fertsjinsten en kontakten tusken de Alvestêdeferiening en de EHBO.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)