Stjoerder min foar skriezen

De stjoerders dy't fyftjin skriezen ferline jier yn Súdwest-Fryslân meikrigen ha foar wittenskiplik ûndersyk lykje te wurkjen as in antykonsepsjemiddel. Dat seit Jos Hooimeijer dy't it ûndersyk útfierde.
Dêrfoar binne stjoerders ynbrocht yn de búkholtes fan fyftjin skriezen. Doel wie om te sjen wêr't de fûgels op harren tocht nei Afrika lâns kamen en wêr't se úteinlik bedarren. No wurdt dúdlik dat de 'sendere' fûgels gjin aaien lizze.