Eigen sporthal foar Caparis

28 maaie 2010 - 16:53

Meiwurkers fan sosjaal wurkplak Caparis Drachten kinne tenei sporte yn in eigen sporthal. De hal is freed iepene. By Caparis moat alle wiken ferplichte in oere sport wurde. Sa bliuwe de minsken fitter. Boppedat is it goed foar it groepsgefoel.

De polityk hie krityk op 'e bou fan 'e sporthal. Neffens de VVD wurdt mienskipsjild brûkt foar it genot fan mar ien festiging fan Caparis. Learlingen fan Sportstêd Hearrenfean begeliede de Caparisminsken by de sport.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)