Deade by bedriuwsûngelok

28 maaie 2010 - 16:43

By in bedriuwsûngelok yn Barneveld is freed in 41-jierrige man út Skerpenseel om it libben kaam. De man woe feefoer losse út in frachtwein. Doe't er besocht de laadklep los te meitsjen, foel it foer út de wein oer him hinne. De man koe net mear holpen wurden.

De arbeidsynspeksje docht ûndersyk nei it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)