Undersyk nei besuniging plysje

De plysje Fryslân ûndersiket op 't heden wêr't it korps op besunigje moat. In spesjale advyskommisje hat in pear senario's foarlein oan 'e plysje en oan alle Fryske boargemasters. Yn it slimste gefal ferdwine 250 fan 'e 1500 wurkplakken.
Korpsbehearder Ferd Crone seit dat it nachtmerjesenario gjin werklikheid wurde sil. Hy wol wol it tal plysjeteams fan alve nei in stik of fiif ferminderje. Hoefolle minsken oft dien krije, wurdt yn july dúdlik.