Steuring brêge by Deinum

28 maaie 2010 - 15:43

Troch in steuring kin de Westergoabrêge by Deinum net mear iepen. Alle boaten heger as 5.30 meter kinne der foarearst net del.

It maleur sit him yn in hydraulyske silinder. Dy is stikken en moat ferfongen wurde. De reparaasje duorret nei ferwachting oant sneintemoarn 9 oere. Salang kinne toeristen, dy't der mei de boat delkomme, net fierder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)