Makeler moat oare namme sykje

28 maaie 2010 - 15:39

Makelerskantoar Van der Velde út Surhústerfean moat in oare namme sykje. Dat hat de rjochtbank bepaald yn in saak dy't oanspand wie troch Van der Velde en Hoen Makelerij. Dat bedriuw sit ek yn it doarp en fynt dat de twa nammen te folle op elkoar lykje. Klanten soene dêrtroch yn 'e war reitsje kinne.

Omdat Van der Velde en Hoen langer registrearre stiet, hat dat bedriuw gelyk krigen. Yn 'e nije namme mei Van der Velde net foarkomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)