Lilk om fakânsjehúske Hylpen
Ynwenners fan Hylpen binne poerlilk op 'e gemeente Nijefurd. Dy hat foar in wente oan 'e Molenstrjitte in ûntheffing ôfjûn om it te brûken as fakânsjehúske. De bewenners fine it skande dat de gemeente no rekreative bewenning mooglik makket yn in gewoane wenwyk.
Pleatslik Belang Hylpen stapt mooglik nei de rjochter om de ûntheffing op te kearen.