Oostergoplein Ljouwert stremd

28 maaie 2010 - 14:52

Ferkear dat fan Goutum ôf Ljouwert yn wol, ûnderfynt freed fan seis oere ôf hinder. Fanwege de oanlis fan in fytstunnel is dit wykein mar in diel fan it Oostergoplein beskikber. Rjochtsôf de Aldlânsdyk opride, kin net. Ferkear moat omride oer de Wâldwei en it Drachtsterplein.

Linksôf de Julianaleane ynslaan kin noch wol. It plein is ek noch wol iepen foar fytsers en kuierders. As der neat misgiet, duorret de omlieding oant moandeitemoarn seis oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)