Krityk op ID-plicht ferkiezing

28 maaie 2010 - 14:15

De ried fan 'e gemeente Hearrenfean wol ôf fan de identifikaasjeplicht by ferkiezings. Dat soarget foar problemen, benammen by âldere minsken. Op inisjatyf fan 'e FNP wurdt no in brief op poaten stjoerd oan it ministearje fan Ynlânske Saken.

Yn it brief wurdt omtinken frege foar de problemen. Guon âldere minsken dy't net folle fuort binne, moatte om stimme te kinnen spesjaal in ID oanskaffe. Se wurde dêrtroch op kosten jage. ID-plicht soe in barriêre opsmite.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)