'Ien wetterbedriuw goedkeaper'

28 maaie 2010 - 12:55

Fryske húshâldens besparje oant 75 euro yn it jier as wetterbedriuwen gearwurkje. Dat seit Siemen Veenstra fan wetterliedingbedriuw Vitens. Hy die ûndersyk nei de bedriuwsfiering.

Wetterliedingbedriuw Vitens, Wetterskip Fryslân en de gemeenten binne no noch ferantwurdlik foar it liedingwetter, de riolearing en it ôffalwetter. Troch mear gear te wurkjen kin in soad jild besparre wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)