Hurdridende Arumer trapearre

28 maaie 2010 - 12:33

In automobilist út Arum moast tongersdeitejûn syn rydbewiis ynleverje by de plysje. De man ried op 'e A32 by Idaerd 171 km yn 'e oere, wylst dêr net hurder as 120 km tastien is. Hy foel de plysje op, doe't er de ûnopfallende auto dêr't de plysje mei kontrolearre, foarby stode.

Nei in achterfolging koe de plysje de hurdrider oanhâlde. Njonken dat er syn rydbewiis ôfjaan moast, krige de Arumer ek in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)